Bysûnder wâldhúske Westergeast kin net rêden wurde fan 'e sloop, om't it net op monumintelist stiet

In bysûnder wâldhûske yn Westergeast kin net rêden wurden fan 'e sloop, om't it net op in monumintelist stiet. It giet om it saneamde 'toerhúske' oan de Kalkhúswei, direkt tsjin de tsjerke oer. It húske is om 1800 hinne boud en der waard dêrby gebrûk makke fan stiennen út de toer fan de tsjerke. De toer wie yn dy tiid sa min, dat der in part fan ôfbrutsen wurde moast. De stiennen dy't doe frijkamen waarden op 'e nij brûkt om dit húske mei op te mitseljen. Dat wie ek de reden dat it de namme 'toerhúske' krige.
© Omrop Fryslân, René Koster
De stichting 'Erfgoed Kollumerland en Nieuw Kruisland' hat alle war dien om it húske fan de sloophammer te rêden, neffens foarsitter Jacqueline Brauwers . Sy fynt net allinnich it húske sels en de toerstiennen belangryk, mar ek de kombinaasje fan it gehiel mei de tsjerke der tsjinoer. It giet hjir lykwols net om in ryksmonumint en de gemeente Kollumerlân hat boppedat gjin eigen gemeentlike monumintelist. Dat bestjut dat it toerhúske gjin inkelde beskermde status hat. De eigener, fan wa't de pake noch yn it hûs wenne hat, wol it húske slope en op itselde plak in nije wenning bouwe.
Muorre wâldhúske Westergeast © Omrop Fryslân, René Koster
Reportaazje oer it wâldhúske fan Westergeast
© Omrop Fryslân, René Koster