Jonkje (8) ferwûne nei sikehûs nei fal mei fyts

06 aug 2018 - 23:24

In jonkje fan 8 jier is moandei oan de Oldegalileën yn Ljouwert ferwûne rekke nei't er mei syn fyts fallen wie. In traumahelikopter kaam derby en ek in ambulânse wie by it hûs dêr't it jonkje wennet.

Foto: Nick den Boer

It personiel fan de ambulânse en it traumateam ha it jonkje behannele. Dêrnei is er nei it sikehûs ta brocht. De trauma-arts is mei him meigien. Hoe slim oft de ferwûningen fan it jonkje binne, is net dúdlik.

(advertinsje)
(advertinsje)