Goede doele-aksje De Hollandse 100 bliuwt yn Thialf

06 aug 2018 - 23:20

De fyfde edysje fan De Hollandse 100 is wer yn Thialf. By De Hollandse 100 wurdt jild ynsammele foar wittenskiplik ûndersyk nei lymfeklierkanker. Dielnimmers litte harren sponserje by 10 kilometer reedriden en 90 kilometer hurdfytsen.

Foto: Omrop Fryslân, Remco de Vries

Dit jier wie it foar it earst dat it evenemint op It Hearrenfean holden waard. De earste trije edysjes wienen yn en om Biddinghuizen.

Prins Bernhard van Oranje rjochte Lymph & Co op, nei't er sels lymfeklierkanker krigen hie. Foar ûndersyk nei de sykte is in soad ijld nedich.

Yn maart dit jier wie De Hollandse 100 foar it earst yn Thialf. Doe waard goed 300.000 euro ophelle.

(advertinsje)