Drachtster moat wurkstraf útfiere nei traap yn rêch buorman

In 31-jierrige ynwenner fan Drachten hat fan de rjochter in wurkstraf krigen om't er syn buorman oanfallen hat. De fertochte hie yn beskonken tastân de kaaien fan syn freondinne ôfpakt, wêrnei't dy de buorman frege om de kaaien foar har werom te heljen.
Rjochter © Shutterstock.com
De fertochte woe se net weromjaan. Doe't de buorman him dêrnei omdraaide om fuort te rinnen, soe de fertochte him fan achter yn de ûnderrêch skopt hawwe. Ek hat de fertochte it slachtoffer tsjin de holle skopt en slein, doe't dy op de grûn lei.
De man is faker feroardiele foar it brûken fan geweld. Hy moat no 40 oeren oan it wurk foar de steat.