FIDEO: De earste fuotstappen fan De Reuzen yn Ljouwert

06 aug 2018 - 22:56

De Reuzen hawwe harren foar it earst sjen litten yn Ljouwert. Yn it wykein fan 17, 18 en 19 augustus rinne de Dûker, it Famke en de hûn Xolo troch de binnenstêd, mar de trije hawwe de earste fuotstappen op Fryske boaiem al set.

Bylden: Willem Breimer

De Reuzen, in teäterspektakel fan Royal de Luxe, oefenen op it parkearplak by it WTC Expo yn de Fryske haadstêd. Dêr hat it selskip út Frankryk har kamp opslein. De rûte dy't de Dûker, it Famke en Xolo rinne sille is noch net bekend.

(advertinsje)
(advertinsje)