Earst ferstjitten, mar no fielt Chica har thús yn AquaZoo

06 aug 2018 - 21:34

Seebearke Chica hie earst wat problemen, mar liket no goed op har plak te wêzen yn AquaZoo. It jonge Súd-Amerikaanske seebearke kaam in skoftke lyn mei har mem nei it bistepark yn Ljouwert, mar waard ferstjitten.

Foto: Omrop Fryslân, René Koster

Seebearke Chica goed te plak yn AquaZoo

Dat ferstjitten barde krekt yn de perioade dat it bist leare moast fan molke nei fêst fretten oer te skeakeljen. Dy memmetaak ha de bistefersoargers doe mar oernaam. Mei sukses.

Troch earst wat te boartsjen mei stikjes fisk, waard se bekend makke mei de smaak fan fisk. Dêrnei wie it boartsjende wize besykje om it bistje te learen dat se de fisk ek trochslokke koe. Dat is lang om let slagge, sadat bistje goed groeide en moandei suksesfol by de groep soartgenoaten brocht wurde koe.

Wannear't soks goed giet is dat neffens Koen Landheer de grutste beleanning dy't je as fersoarger krije kinne.

Trefwurden: 
Aquazoo Chica seebear
(advertinsje)
(advertinsje)