Wer betrape by stellen koper

27 jun 2012 - 11:05

De plysje hat foar de twadde kear dizze wike in ynwenner fan It Hearrenfean betrape op it stellen fan koper. De man (52) is tiisdeitejûn oppakt by in tal sloopwenten oan de Rozenstrjitte yn syn wenplak. Hy die krekt of ferbaarnde er dêr sloophout, mar plysjes dy't it net fertrouden seagen letter dat er it koper meinaam.

Hy is opnij nei it buro brocht foar fierder ûndersyk.

Trefwurden: 
plysje
(advertinsje)
(advertinsje)