Dokterswacht Fryslân net berikber fanwege lanlike steuring

06 aug 2018 - 20:52

Dokterswacht Fryslân is op it stuit telefonysk net berikber fanwege in lanlike steuring by kabeleksploitant Ziggo. Minsken dy't nei it sintrale nûmer fan de dokterswacht belje, krije gjin gehoar.

Dokterswacht Fryslân - Foto: Omrop Fryslân, Aise van Beets

112

By libbensbedriigjende sitewaasjes moatte minsken 112 belje, skriuwt de dokterswacht. Minsken dy't driuwend in húsdokter nedich ha en net wachtsje kinne, kinne it bêste nei de húsdokterspost ta komme. Dy binne yn Ljouwert, It Hearrenfean, Drachten, Dokkum en Snits.

De steuring by Ziggo ûntstie moandei oan de ein fan de middei. In grut diel fan it lân hat der lêst fan. It is de earste dei fan de boufak yn Fryslân. Dat betsjut dat in soad minsken op fakânsje binne, mar tagelyk is it drok yn Fryslân mei toeristen.

Ek oare tsjinsten

Net allinnich de dokterswacht hat lêst fan de steuring by Ziggo. Ek GGZ Fryslân en Vitens melde dat se net berikber binne mei de telefoan.

Dokterswacht Fryslân ferlient jûns, nachts, yn it wykein en op feestdagen húsdokterssoarch foar spoedgefallen yn Fryslân. Alle Fryske húsdokters binne by de Dokterswacht oansetten, útsein de Waadeilannen.

(advertinsje)
(advertinsje)