Kostbere lekke bân foar Stroetinga op EK yn Glasgow

06 aug 2018 - 20:47

Hurdfytser Wim Stroetinga hat moandei op it EK baanhurdfytsen yn Glasgow in kostbere lekke bân krigen. By it ûnderdiel koppelkoers fytste Stroetinga mei Roy Pieters. Troch de maleur moasten de twa de striid stake.

Foto: www.orange-pictures.nl

Stroetinga en Pieters hiene ien puntsje by elkoar fytst, doe't Stroetinga in lekke foarbân krige. Dêrop siet de wedstriid der foar harren op. Omdat Stroetinga en Pieters no gjin goed resultaat delset hawwe, rinne se no djoere kwalifikaasjepunten mis foar de Olympyske Spelen fan 2020 yn Tokio.

It goud yn Glasgow gie nei de Belgen Kenny De Ketele en Robbe Ghys.

(advertinsje)