SKS-bestjoer: "Silerij by De Feanhoop telt mei foar klassemint"

06 aug 2018 - 20:19

De silerij by De Feanhoop telt mei foar it klassemint. Dat hat it bestjoer fan de SKS moandeitejûn bepaald. Der wiene protesten yntsjinne fanwege de wyn dy't der by de wedstriid net wie, mar dêr is it bestjoer nei oerlis net yn meigien.

Silerij by De Feanhoop - Foto: SKS

Fjouwer skippers hienen protest yntsjinne tsjin de wedstriidlieding. Dat wienen de skippers fan Ljouwert, De Lemmer, de Heale Moanne en It Hearrenfean. Sy fine dat der mei de omstannichheden fan moandei net syld wurde moatten hie. "We ha wol in healoere stillein", sei skipper Albert Visser fan De Lemmer. "We moasten bome om troch de wyn te kommen. Ik fûn it gjin wedstriid."

Earnewâld waard yn De Feanhoop earste, krekt as ferline jier. Doe bepaalde it bestjoer fan de SKS in dei letter dat de útslach fan De Feanhoop net meitelde foar it klassemint. Dat oerkomt se no dus net wer.

Foarsitter René Nagelhout fan de SKS

Trefwurden: 
De Feanhoop skûtsjesilen SKS
(advertinsje)
(advertinsje)