Utstalling yn Biltske ierappelskuorren giet de grins oer
De Biltske útstalling Fruchtbere Grônd kriget in bûtenlânsk ferfolch. De tentoanstelling gie dizze simmer yn sân boereskuorren by de Aldebiltdyk del en sil de kommende tiid, krekt oer de grins by Nieuweschans yn Dútslân, in ferfolch krije.
Dêr hat it de namme Fruchtbarer Boden krigen. De tentoanstelling is dêr net yn in skuorre, mar yn Schloss Evenburg by Leer. By dat kastiel wie eartiids in proeftún foar ierappelrassen.
Fruchtbere Grônd is dizze simmer organisearre yn it ramt fan LF2018 en wie in ûnderdiel fan de Bildtse Aardappelweken.

LF 2018
Omrop Fryslân jout rom omtinken oan Ljouwert-Fryslân 2018 Kulturele Haadstêd fan Europa. Yn 'e foarm fan reportaazjes, nijsartikelen en resinsjes. Alles wurdt sammele op Omropfryslan.nl/2018.
De Kulturele Haadstêd-produksjes binne mei mooglik makke troch de Provinsje Fryslân.