Syktocht nei man yn 'e war

27 jun 2012 - 11:03

De plysje hat tiisdeitenacht op It Hearrenfean op syk west nei in betize man. In ynwenster fan dat plak seach him doe't er by har yn 'e tún oer in muorke sprong. Wylst se de plysje warskôge, gie har man op 'e fyts achter him oan. Dy achterfolging moast beëinige wurde doe't de man him ferstoppe yn 'e boskjes yn 'e buert fan Oan de Sperwer. It gebiet is dêrop troch de plysje ôfset. Dy fûn de man úteinlik mei help fan in plysjehûn. Hy hie him ferstoppe yn it wetter. It giet om in man (32) fan It Hearrenfean. In dokter fan de GGZ sil nei him sjen.

Trefwurden: 
plysje
(advertinsje)