SKS moat beslute oer 'weardichheid' fan silerij by De Feanhoop

06 aug 2018 - 18:48

De sjuery sil in advys útbringe oan it bestjoer fan de SKS oer de jildichheid fan de wedstriid op De Feanhoop. De SKS hat it twa dagen oan tiid om oan de hân fan dat advys in beslút te nimmen. It kin wêze dat de wedstriid net meitelt foar it kampioenskip.

It skûtsje fan Huzum komt as bêste út de start op De Feanhoop - Foto: SKS

Foar Earnewâld soe it soer wêze, as de útslach skrast wurdt. Dat skûtsje waard earste. Krekt as foarich jier. Doe bepaalde it bestjoer fan de SKS in dei letter dat de útslach fan De Feanhoop net meitelde foar it klassemint. Skipper Gerhard Pietersma is der bang foar dat de skiednis him werhellet.

De skippers fan Ljouwert, De Lemmer, de Heale Moanne en It Hearrenfean hiene protest yntsjinne tsjin de wedstriidlieding. Se fine dat der mei de omstannichheden fan moandei net syld wurde moatten hie.

"We ha wol in healoere stillein," sei skipper Albert Visser fan De Lemmer, "en we moasten bome om troch de wyn te kommen. Ik fûn it gjin wedstriid." De Lemmer kaam as sande oer de finish. "Dat is bêst genôch."

Ferslachjouwer Geartsje de Vries fertelt hoe't it sit

Visser hat it protest yntsjinne op basis fan artikel 2F. "De jury kan het SKS-bestuur adviseren een gezeilde wedstrijd van onwaarde te verklaren voor het puntenklassement, wanneer aan de uitkomst van de betreffende wedstrijd naar haar oordeel geen waarde mag worden toegekend voor het behalen van het kampioenschap."

De sjuery sil no rapport opmeitsje, en in advys útbringe oan de SKS. It bestjoer hat it twa dagen oan tiid om in beslút te nimmen.

Trefwurden: 
De Feanhoop skûtsjesilen SKS
(advertinsje)