Sân jaget boel yn bulten by ûndersyk nei âld skipswrak

06 aug 2018 - 18:38

It is noch hieltyd net dúdlik oft it skipswrak dat yn 2015 ûnder Skiermûntseach fûn is, ien fan de fermiste fiskersskippen fan Peazens Moddergat is. Undersyk nei it skip wie ôfrûne wykein net mooglik. De reden? It wrak wie net mear te sjen.

It ûndersyksskip De Serenity by de Mothoeke - Foto: Ernie de Jonge

Ofrûne wykein wie der in dûkaksje om dêr fierder ûndersyk nei te dwaan. Mar it wrak, dat yn 2015 noch goed te sjen wie, koe net mear fûn wurde. Der wie sonarapparatuer nedich om it skip te trasearjen om te ûndersykjen oft it om in skip giet dat yn 1883 by de grutte fiskersramp yn see ferdwûn is.

Klaas Wiersma fan de Stichting Maritieme Archeologie

Op 4 maart 1883 fearen 22 skippen út om te fiskjen boppe it eilân Borkum. Fan dy skippen binne der santjin fergien. Fjirtjin fan dy santjin binne weromfûn, mar fan trije is neat mear fernommen.

Yn 2015 waard in houten skipswrak fûn by de Mothoeke. Dat is in dreech berikber gebiet op it Waad tusken Skiermûntseach en it fêstelân fan Grinslân. No wurdt dus ûndersocht oft dat ien fan dy trije ferdwûne skippen.

Antyklimaks

De wrakstikken lizze op dit stuit bedobbe ûnder in meter sân. Dêrtroch is it ûndersyk no net mooglik. Neffens direkteur Ihno Dragt fan museum 't Fiskershúske is it wol in bytsje in antyklimaks, mar hy hâldt hoop dat it skip yn de takomst wol ûndersocht wurde kin.

Mocht der wer ris in wrak fûn wurde, dan moat der direkt grut ûndersyk dien wurde, seit Dragt. "Want zo'n wrak kan binnen de kortste keren weer onder het zand verdwenen zijn."

(advertinsje)