Lûdshinder oan diken metten

27 jun 2012 - 10:57

Sa'n 400 wenten by provinsjale diken ha neffens de noarm tefolle lêst fan dy dyk. Dat docht bliken út sifers fan de provinsje. It leven lâns de dyk mei gemiddeld 65 desibel wêze mar komt dêr boppe út. It lûdsprofyl fan alle provinsjale diken is yn kaart brocht. De N381 fan Drachten nei Drinte en de dyk fan Dokkum nei Burgum soargje foar de measte oerlêst.

Beide diken wurde ynkoarten oanpakt en de provinsje hâldt rekken mei de lûdsbelesting. By it tankstasjon by Donkerbroek is de measte lûdshinder. Dêr is 75 desibel metten.

Op oare plakken wol de provinsje fierder ûndersyk dwaan nei oerlêst. At it nedich is, wurde dêr maatregels naam lykas lûdsskermen of oar asfalt.

Trefwurden: 
lûdsbelesting
(advertinsje)
(advertinsje)