Gemeente en plysje tefreden oer 'rêstige' iepening Snitswike

De gemeente en de plysje binne goed te sprekken oer de earste pear dagen fan de Snitswike. Utsein fan in tal lytsere ynsidinten is it rêstich bleaun yn de stêd, seinen de autoriteiten.
De Snitswike © ANP
De plysje moast allinnich yn aksje komme by wyldpisjen, iepenbier dronkenskip en it fersteuren fan de iepenbiere oarder. Ek binne in tal minsken oanhâlden omdat se drugs of falsk jild by har hiene.
It optreden fan rapper Boef moast sneintejûn even stillein wurde om't der tefolle minsken op ôfkaam wiene. De Snitswike duorret noch dizze hele wike.