Wedstriidlieder De Feanhoop: "Mei dizze wyn is it in lotterij"

06 aug 2018 - 17:41

Fjouwer skippers fine dat it skûtsjesilen by De Feanhoop net meitelle mei foar it klassemint. Se ha protest yntsjinne tsjin de wedstriidlieding. Dy hie de silerij ôfsjitte moatten, sizze se. Wedstriidlieder Albert de Vries hat dat net dien. Neffens him wie it noch hieltyd 'sylber waar'.

Foto: SKS

De skippers fan Ljouwert, De Lemmer, de Heale Moanne en It Hearrenfean ha in protest yntsjinne. Se sizze dat it in lotterij is, sile mei sa'n bytsje wyn. De wedstriidlieder jout se gelyk. "Ja. Mei dizze wyn is it in lotterij. En dat is moarn wer sa. Dat krije je mei dit waar."

It is in lotterij, seit wedstriidlieder Albert de Vries

De Vries fynt dat de wedstriid gewoan meitelle moat foar it kampioenskip. "It heart derby. Mar as in oar dat net fynt, dan hat er it rjocht te protestearen." De protestkommisje moat no in útspraak dwaan.

Neffens it reglemint fan de SKS kin de sjuery in wedstriid net ûnjildich ferklearje. "De jury kan het SKS-bestuur adviseren een gezeilde wedstrijd van onwaarde te verklaren voor het puntenklassement, wanneer aan de uitkomst van de betreffende wedstrijd naar haar oordeel geen waarde mag worden toegekend voor het behalen van het kampioenschap."

Ferslachjouwer Geartsje de Vries by de protestkeamer

Foarich jier telde de wedstriid by De Feanhoop net mei foar it kampioenskip. Doe wûn Earnewâld. Dat skûtsje kaam dit jier wer as earste oer de finish. Skipper Gerhard Pietersma is der bang foar dat er de titel no wer ynleverje moat. Dat sei er direkt nei de finish.

It duorre foarich jier oant nei de wedstriid op Earnewâld foardat it SKS-bestjoer besletten hie de wedtriid by De Feanhoop te skrassen. De sjuery hie earder al sein dat de wedstriid net meitelle mocht, mar dy blykte der net oer te gean. De SKS sei doe dat it bestjoer twa dagen de tiid hat om it beslút te nimmen.

Trefwurden: 
De Feanhoop skûtsjesilen SKS
(advertinsje)