Dútske studinten krije wurkstraf nei mishanneljen Lemster

Twa studinten út Dútslân hawwe moandei fan de rjochter yn Ljouwert wurkstraffen krigen foar it mishanneljen fan in Fries. De twa 21-jierrigen krigen yn in kroech op De Lemmer spul mei in ynwenner fan it doarp.
Justysje © Shutterstock.com
It slachtoffer soe hjirby tsjin de holle skopt wêze. De fertochten sizze lykwols dat de rollen omdraaid wiene en dat krekt ien fan harren mishannele is.

Bekenden fan de plysje

Neffens de rjochter die út de ferwûningen fan it slachtoffer net bliken dat er tsjin de holle skopt wie. It slachtoffer is in bekende fan de plysje. Ek ien fan de fertochten hat faker mei de plysje yn kontakt west. Sa hat er ek yn Grins ûnder ynfloed immen mishannele.
De Dútser kriget in drugs- en alkoholferbod en hy moat him behannelje litte troch ferslavingssoarch. De man krige foar beide mishannelingen in wurkstraf fan 120 oeren, de oare fertochte moat 50 oeren oan it wurk.