Mear wetter yn Noordwoolder Vaort om fisken te rêden

Om de fiskjen libje te litten moat der driuwend mear wetter by yn de Noordwoolder Vaort. It reinwetter dat letter dizze wike mooglik falt, is net genôch om it probleem op te lossen.
Rêdingsaksje foar fisk

40 kúb

Dêrom hat Wetterskip Fryslân oan pompbedriuw Van Heck frege om wetter út de rivier De Lende oer de keardaam by De Hoeve nei de feart te pompen. De bedoeling is om 40 kúb wetter de minút oer de daam te tillen.
Rayonbehearder Johan van den Akker wurket al tritich jier by it wetterskip, mar hat dit noch nea meimakke. "Het is voor mij een geheel nieuwe ervaring, we leren weer veel deze zomer."

Noch leger

Normaal stiet it wetter yn de feart 80 sintimeter boppe NAP. No is dat noch mar 56 sintimeter. De pompen moatte de wetterstân de kommende dagen mei 20 sintimeter omheech bringe. De âlde turffeart hat wat ûndjippe plakken en dêrom is de wetterstân dêr nóch leger.
Dat wurdt in grut probleem foar de fisken, dy't yn poelen teplak komme dêr't it wetter fierstente hjit is. Dat kin liede ta massale fiskestjertje. Sa fier is it yn de feart by Noardwâlde noch net. Neffens Van den Akker is it foarearst it iennige plak yn Fryslân dêr't dizze help nedich is.