Earnewâld wint gelokssilerij by De Feanhoop

06 aug 2018 - 16:00

It skûtsje fan Earnenwâld hat de silerij by De Feanhoop wûn. Foarich jier wûn Earnewâld ek op De Feanhoop. Dy wedstriid waard letter ûnjildich ferklearre. Neffens skipper Gerhard Pietersma fan Earnewâld soe dat samar wer kinne. It reint protesten tsjin de wedstriidlieding.

Pietersma is der noch net wis fan, direkt nei de finish. "It kin no wer. Dêr bin ik bang foar. Mar we ha in rûte útsyld, en we ha gjin smel wetter hân, dus ik tink wol dat er telt."

Der stie net in soad wyn by De Feanhoop, en dan komt it op skipperskeunsten oan. Wa't in licht skip hat, profitearret. Mar wa't gelok hat, profitearret noch mear. Direkt nei de start yn it Grytmansrak like de wyn hielendal fuort. De wyn dy't der wie, kaam fan achteren, en dêr profitearren de achtersten as earste fan.

De Súdwesthoeke starte as lêste, mar wie nei 10 minuten de helte fan de float al foarby. Huzum hie it earste startnûmer lotte, en koe dêrtroch gau de Ie op draaie, en frij sile. Grou koe dat net. Mei it twadde startnûner sokkeballe skipper Douwe Visser tsjin de boatsjes fan it publyk oan. Nei in kertier helle de wyn wat oan. Doe koe der pas syld wurde.

In strjitlinge foarsprong

By de earste tonne hie Huzum in strjitlingte foarsprong, mar skipper Johannes Meeter hie hast 10 minuten nedich om om de boei hinne te draaien. Doe't dat ienkear slagge wie, hienen Earnewâld en Akkrum de wyn yn de seilen. Se kamen der deun achteroan. Snits gong as fjirde om de tonne, De Súdwesthoeke as fyfde.

Dêrnei twirre de wyn alle kanten op. It begûn as in healwyns rak, mar al gau sylde de ien oer bakboard, en de oar oer stjoerboard. It waard in krúsrak. Akkrum dreau it publyk yn. Earnewâld kaam Huzum hieltyd tichter op de kont. En foardat de skippen by de tonne wienen, hiene se de wyn alwer hast yn de rêch.

Op it lêste rak foar de finish reagearre Earnewâld it bêste op de wyndraaiïngen. Huzum rekke de kopposysje kwyt. Grou kaam op likense hichte mei de koprinners. En goed 200 meter foar de finish kaam Akkrum ynienen ek nei foaren. Mei in bêste flaach sylde Pieter Meeter fan fjouwer nei ien. It gong net hurd. Mar it wie wol spannend.

It lêste ein nei de finish wie foar de wyn. Akkrum hie it seil oer bakboard, en hie foarrang op Grou, dy't it seil oer stjoerboard hie. Earnwewâld lei Grou yn it paad. Der waard raasd. Akkrum sylde tsjin Grou oan. Earnewâld lei dêr wer deun tsjinoan. Mar de protestflagge blean yn de bûse.

Huzum wie de wyn hielendal kwyt. Grou en Akkrum sylden ek sa hurd net mear. Earnewâld lei der it bêste foar, en kaam as earste oer de finish. Skipper Jappie Visser fan Snits hie frije wyn fûn. Hy lei in hiel ein achter, mar waard ferrassend twadde.

Foarich jier telde de wedstriid by De Feanhoop net mei foar it kampioenskip. Doe stie der krekt wat mear wyn as dit jier, mar skippers moasten bomen en stjitkessens brûke om fan oaren frij te bliuwen. Dat wie neffens de sjuery net wedstriidweardich.

Trefwurden: 
De Feanhoop skûtsjesilen SKS
(advertinsje)
(advertinsje)