Goal en assist Kalma by winst Oranje ûnder 20 op WK

Nederlân ûnder 20 hat de iepeningswedstriid op it WK fuotbal yn Frankryk wûn. Yn Vannes waard it snein 2-1 tsjin Nij-Seelân. SC Hearrenfeanspylster Fenna Kalma út Haskerhoarne wie wichtich mei in goal en in assist.
Oranje ûnder 20 mei Fenna Kalma steand, tredde fan links © www.orange-pictures.nl
Flak foar it healoere iepene Kalma de skoare. In skot fan Pelova waard smoard, mar dêrnei wie Kalma der tige rap by om de 1-0 binnen te tikjen. It wie al de 21e goal fan Kalma foar Oranje ûnder de 19/20. Flak foar it skoft kaam de ferrassende gelykmakker: Hannah Blake skeat knap raak.
Nettsjinsteande in drege twadde helte, wûn Nederlân dochs. Fia Pattiwael en Dijkstra kaam de bal by Kalma. Dy lei de bal werom op Eva van Deursen, dy't de 2-1 yn de fiere hoeke skeat.

Twadde pûlwedstriid

De kommende tsjinstanner op it WK foar Oranje is Gana. Dy wedstriid is woansdei. Gana ferlear harren earste wedstriid mei 4-1 fan Frankryk.