Wurkstraf foar drank- en drugsrider mei belestingskuld

06 aug 2018 - 14:55

De plysjerjochter hat in 34-jierrige Ljouwerter feroardiele ta in wurkstraf fan 80 oeren. De man waard yn maart by Ryptsjerk oanholden by in kontrôle fan de plysje en de belestingtsjinst.

Rjochter - Foto: Shutterstock.com

De man waard by de kontrôle oan de kant set om't er noch in belestingskuld hie. Doe't er oanholden waard hie de man te folle drank op en ek noch kokaïne brûkt. Dêrnjonken hie er hasj, coke en speed by him.

(advertinsje)