FIDEO: Skûtsjes sile op it smelle wetter fan De Feanhoop

06 aug 2018 - 13:49

De skûtsjes fan de SKS sylden op De Feanhoop de twadde wedstriid fan it kampioenskip. It is dêr sa smel dat der gjin romte is foar in reguliere start. Dêrom wurdt der by De Feanhoop tradisjoneel fan de wâl ôf starten. It is in wedstriid yn in wedstriid: wa hat as earste de seilen omheech?

Sjoch hjirûnder de folsleine wedstriid op De Feanhoop werom.

Foarich jier is de wedstriid by De Feanhoop ûnjildich ferklearre. Doe moasten der by it farren stjitkessens en bomen brûkt wurde om frij fan oaren te bliuwen, en om skea foar te kommen. Neffens de sjuery wie dat net wedstriidweardich. It SKS-bestjoer folge dy redenaasje.

Wa't op De Feanhoop in geunstige start lotte hat, en dêrmei in geunstige útgongsposysje, moat in dei letter by Earnewâld achteroan begjinne. Huzum en Grou ha dit jier geunstich lotte by De Feanhoop.

De startfolchoarder op de Feanhoop en by Earnewâld - Foto: Omrop Fryslân

De kommisje hat der in koarte rûte yn lein, seit wedstriidlieder Albert de Vries, omdat de wyn in ûnsekere faktor is. Hy ferwachtet de finish om healwei fjouweren hinne.

Hoe giet wedstriidlieder Albert de Vries om mei de waarsomstannichheden?

It hinget fan de wyn ôf oft de finish wol yn it Grytmansrak wêze sil. As de wedstriid ynkoarte wurdt, sil dat yn Earnewâld ek sa wêze, sadat de lotting net fan ynfloed is op it einklassemint. Earder begjinne, sadat der wol twa oeren syld wurde kin, is gjin opsje, seit De Vries. It slagget net om it wedstriidwetter op De Feanhoop op tiid frij te meitsjen.

De rûte by De Feanhoop - Foto: SKS

Online stjoert Omrop Fryslân alle wedstriden live út, mei kommentaar fan Freark Wijma en Eelke Dijkstra. Yn Fryslân Hjoed is om 18.00 oere in analyze fan de wedstriid te sjen. En om 21.00 oere is der in wiidweidich ferslach op telefyzje.

Trefwurden: 
De Feanhoop skûtsjesilen SKS
(advertinsje)
(advertinsje)