Ferwûne nei botsing tsjin beam

27 jun 2012 - 10:11

In man (26) fan De Wylp is tiisdeitemiddei ferwûne rekke op de Krúswei by Waskemar. Hy helle mei syn auto in foarbygonger yn en rekke dêrby yn de berm. Hy ferlear doe de macht oer it stjoer en botste tsjin in beam.

De brânwacht helle de bestjoerder út de auto. Hy is nei it sikehûs brocht.

Trefwurden: 
plysje botsing
(advertinsje)