Surhústerfean krijt in nije brânwachtkazerne

Surhústerfean krijt in nije brânwachtkazerne. Nei de simmer begjint de bou, oan de Lauwerswei. Healwei 2019 moat de kazerne iepen wêze.
In ympresje fan de nije kazerne yn Surhústerfean © Brânwacht Fryslân
De nije kazerne is de earste dy't folslein yn eigen behear fan Feilichheidsregio Fryslân ûntwikkele is. It gebou ferfangt de kazerne fan no, oan de Badleane yn it doarp. Dy foldocht net mear oan de easken.