Auto slacht oer de kop nei útwykmanoeuvre by Marsum

By in ûngelok op de A31 tusken Marsum en Dronryp binne twa minsken ferwûne rekke. Yn totaal sieten der trije minsken yn de auto. In oare automobilist soe se ôfsnien ha.
© Kappers Media
De auto bedarre op de kop neist de sneldyk, neidat de bestjoerder útwike moast. De helptsjinsten rieden manmachtich út. De brânwacht koe letter werom nei de kazerne. De beide ferwûnen binne nei it sikehûs brocht.
De plysje hat de rjochterrydstrook ôfsletten. In berger hat de auto ophelle. Dy wie folslein fernield. De oare auto wie yn earste ynstânsje fierder riden, mar de bestjoerder hat him yntusken by de plysje melden.