Wer ien oppakt foar stekkerij

27 jun 2012 - 09:55

De plysje hat op 'e nij in fertochte oanhâlden fan in stekpartij oktober ferline jier by in hardcorefeest yn Mûnein. In ynwenner fan De Gordyk is dêr meardere kearen stutsen mei in mes en rekke swier ferwûne. Nei in oprop yn it programma Opsporing Verzocht hâlde de plysje moandeitemoarn al in Ljouwerter (32) oan. Tiisdeitemiddei is wer in ynwenner (24) fan Ljouwert oppakt.

De plysje is no noch op syk nei in tredde man. It ûndersyk giet dêrom foarearst noch troch.

Trefwurden: 
plysje stekkerij Mûnein
(advertinsje)
(advertinsje)