Plysjehûn fynt ynbrekker ûnder trep fan leechsteande wenning Noardwâlde
Plysjes ha in ynbrekker oanhâlden yn in wenning yn Noardwâlde. De wenning stiet leech, mar sneintejûn hearden tsjûgen der dochs lûden út wei kommen. Se bellen de plysje.
Mei help fan in hûn fûnen de plysjes in ynbrekker. Dy siet ferside ûnder in trep yn de kelder. De man hie stellen koper by him. Hy sit fêst foar ûndersyk.