Spesjaal programma yn Dokkum by oankomst Maarten van der Weijden

06 aug 2018 - 08:49

De oankomst yn Dokkum fan swimmer Maarten van der Weijden is foar de stêd reden in spesjaal programma te organisearjen. Van der Weijden swimt fan 18 augustus ôf de alvestêdetocht en wurdt op moandeitemoarn 20 augustus om healwei achten ferwachte yn Dokkum.

Foto: Omrop Fryslân, Aise van Beets

By it stimpeljen yn Dokkum is ûnder oare lokoboargemaster Pytsje de Graaf oanwêzich en ek in bekend Dokkumer figuer. Dêrnei organisearret de Rotary in programma op in poadium op De Syl. Dêr sil in tal sprekkers har ferhaal dwaan, wêrûnder de yn Dokkum berne Olympysk kampioen follybal Jan Posthuma.

Krekt as yn oare stêden kin ek yn Dokkum meiswommen wurde mei Maarten van der Weijden. It giet dan om ôfstannen fan 500 meter en twa kilometer.

(Advertinsje)
(Advertinsje)