SeaQurrent set tij yn Waadsee yn foar enerzjy-opwekking

06 aug 2018 - 07:48

It bedriuw SeaQurrent yn Grou set dizze wike útein mei in test foar it opwekken fan duorsume enerzjy yn de Waadsee. It bedriuw hat in systeem betocht dêr't ûnder wetter mei in soarte fan draak enerzjy opwekke wurdt.

Enerzjy opwekke mei in draak - Foto: SeaQurrent

Troch gebrûk te meitsjen fan de streamingen dy't ûnstean troch eb en floed wurdt der enerzjy opwekke dy't úteinlik omsetten wurde kin yn elektrisiteit. De kommende wiken sille yn de Waadsee ter hichte fan Koarnwert twa testlokaasjes opset wurde. Dy komme flak neist de faargeul. Rykswettersteat set it testgebiet ôf mei markearingen.

Youri Wentzel fan SeaQurrent betocht de TidalKite, de draak dêr't enerzjy mei opwekke wurde kin. "De vlieger wordt geplaatst op een plek in zee waar veel stroming staat. Een windmolen produceert meer energie als er veel wind staat. Zo werkt het ook met de TidalKite." De Tidalkite kin sa'n 500kW enerzjy opwekke. "Dat is duurzame energie voor ongeveer 700 huishoudens." It stribjen is dat de draak yn 2020 ek echt ynset wurde kin om duorsume enerzjy op te wekken.

Youri Wentzel fan SeaQurrent

Trefwurden: 
proef Waadsee Grou SeaQurrent
(advertinsje)