Kollum: "Leafde foar altyd"

06 aug 2018 - 07:20

Alle wurkdagen kin je de dei begjinne mei de kollum fan 'Fryslân fan 'e moarn'. Foar twa moandeis op rige is it dizze simmer tiid foar Hiltje Bosma. In jonge skriuwster mei in skerpe tonge, in eigen miening én gefoel foar humor.

Yn ferwachting - Foto: Shutterstock.com

""Heit, doch efkes normaahaal!" "Mééhéémm, set my net altyd sa foar skut!" Komme dizze útspraken jo bekend foar? Dan hawwe jo fêst in puber yn 'e hûs of yn 'e hûs hân. Bern. In geskink dêr't jo je as âlder ryk mei priizigje as je se hawwe, mar guon tiden wolle jo se ek wolris efter it behang plakke.

Bern sels hawwe yn guon fazen of perioaden ek noch net hielendal troch dat heit en mem safolle om harren jouwe. Itselde jildt ek oarsom. Beide sizze it faak temin lûdop. Dat makket dat se inoar wolris ferwite dat der net wurdearre wurdt wat der foar harren dien wurdt.

Dochs is it bysûnder: dat wannear't man en frou de leafde bedreaun hawwe der sa'n lyts wûnderke oan libben ûntstiet, dat yn oare fazen fan syn of har libben heit en mem op 'e kast jaget. Troch dit te sa te formulearjen wit ik dat ik gefoelsmjittich in tear ûnderwerp te pakken ha. In ûnderwerp dat neffens my wol wat mear omtinken hawwe mei.

Alle jierren kriget in tredde fan de Nederlânske froulju noch altyd in miskream. De mieningen en ûndersiken binne deroer ferdield wêrom't soks hjoed-de-dei noch altyd bart. Sels tink ik dat it liif in soarte fan meganisme oerhâlden hat út de oertiid. Dat sels noch wat bepale kin wannear't it noch op tiid in swangerskip ôfbrekke moat foar feilichheid fan mem en bern. In miening dy troch ûnder oare dokters en ferpleechkundigen dield wurdt.

Dochs liket der in hiel taboe te lizzen op it krijen fan in miskream. Net allinne reagearje de 'gewoane' minsken faaks wat fernuvere as je fertelle dat je in miskream hân hawwe, nee, ek de wet erkent in berntsje dat yn de liifmoer (baarmoeder) dea gien is net. Lit stean as it noch yn it hiele begjin is. Ek dan neam ik it persoanlik al in berntsje. Oft it no de grutte fan in dopeart hat, dy fan in garnaal, as in fuotbal: libben is libben.

In heit en mem dy't krekt wit dat se swanger is, kinne dizze miening miskien wol in bytsje mei my diele, mar de âlden dy't al bern hawwe, fêst ek wol. Op it momint dat je witte dat je âlden wurde en witte dat je nij libben makke hawwe, dan hâlde je faak al fan dat wûnderke. En eins binne je hast hielendal wis dat dat oarsom ek sa wêze sil.

Je sjogge dan út nei it momint dat je dat lytse hoopke minsk fêsthâlde kinne. Nei it momint dat jo josels sizzen hearre, dat je der altyd foar se wêze sille, en soargje sille dat se feilich binne en de leafde krije sille dy't sy fertsjinje.

Wannear't se dan ien kear sa goed as grut binne en as folwoeksen oanmerke wurde meie, dan sizze je gewoan wat beheind tsjin inoar dat je fan inoar hâlde, mar dat gefoel fan doe sil der nea minder om wêze. Jo witte dat, mar sy witte it ek."

Kollum "Leafde foar altyd'

(advertinsje)
(advertinsje)