Kontrôle op slot hûs en auto

27 jun 2012 - 09:46

De plysje hat tiisdei kontrolearre oft ynwenners fan Tytstjerksteradiel har huzen en auto's wol op slot dogge. De plysje die dat yn it ramt fan de 'voetjes'-aksje dy't yn hiel Fryslân hâlden wurdt. Se ha 635 huzen en auto's kontrolearre, hast 200 dêrfan wienen net ôfsletten. De bewenners binne dêr troch de plysje op wiisd.

Neist dy plysje wienen ek de gemeente, de doarpsbelangen, wenningkorporaasjes en Schaaf befeiliging by de aksje belutsen. Dy is benammen yn Tytsjerk en Gytsjerk hâlden.

Trefwurden: 
plysje
(advertinsje)