"Tall Ships Races Harns geane oer de 300.000 besikers hinne"

De Tall Ships Races yn Harns geane dit jier oer de doelstelling fan 300.000 besikers hinne. Dat is de ynskatting fan de organisaasje nei in tige slagge Tall Ships-wykein, mei in bysûnder soad besikers.
It Russyske tallship Mir luts in soad belangstelling © Omrop Fryslân
De organisaasje is noch net offisjeel oan it tellen en evaluearjen, omdat it evenemint noch in wichtige dei te gean hat, want ek by de Sail Out op moandei wurdt in smite folk ferwachte, lykas dat by de oankomst fan de histoaryske sylskippen it gefal wie. De organisaasje is der ek wiis mei dat it evenemint - oant no ta - frijwol sûnder ynsidinten ferrint. De EHBO hoecht net folle mear te dwaan as it plakken fan in pleister op in kniisde tean of it behanneljen fan in wepsestek.

Mear bûtenlânske besikers

Fjouwer jier lyn lutsen de Tall Ships Races noch sa'n 220.000 besikers, mar dêr siet doe ek ien wiete dei by. It evenemint lûkt dit jier dúdlik folle mear bûtenlânske besikers, mar ek folle mear besikers út de regio, tinkt direkteur Cor Boots. "Doordat het midden in de vakantie is, zijn er veel meer buitenlanders dan de vorige keer. De mensen uit Harlingen en omgeving hebben het evenement veel meer omarmd, doordat ze nu weten wat het is. Bij sommige concerten en ook bij het vuurwerk van vrijdag stond de kade hartstikke vol."

Ferfier

In oare graadmjitter binne de reizgers mei it iepenbier ferfier. Arriva set ekstra lange treinen yn, mar op guon mominten is sels dy kapasiteit te beheind. Dy wurdt dan oanfolle mei bussen dy't deselde rûte nei Frjentsjer en Ljouwert ride.
Direkteur Cor Boots fan de Tall Ships Races Harns