Berltsum wint generale foar de Freule yn Frjentsjer

De keatsers fan Berltsum: Thomas Dijkstra, Jesse Kroondijk en Verry van der Meer, hawwe sneintejûn de generale foar de Freule yn Frjentsjer wûn. Op in list fan 39 partoeren wiene se yn in spannende finale te sterk foar it partoer fan Reduzum. Tsjin Johannes Gerben Brinksma en Jesper Talsma waard it 5-5 en 6-4. Thomas Dijkstra waard nei ôfrin útroppen ta kening. De tredde priis wie foar Menaam; dy keatsers ferlearen mei 5-2 en 6-6 fan de lettere winners.
Alle neamde partoeren binne kânshawwer op 'e 116e Freule takom woansdei yn Wommels.