Van der Bos-en-dy pakke mei comeback winst yn Wytmarsum

05 aug 2018 - 18:35

Gert-Anne van der Bos, Taeke Triemstra en Tjisse Steenstra hawwe sneintejûn mei in geweldige comeback de haadklassepartij yn Wytmarsum wûn. Yn de finale, wêryn't Enno Kingma, Renze Pieter Hiemstra en Hans Wassenaar mei 4-0 foar stiene, wûnen Van der Bos-en-dy úteinlik mei 5-5 en 6-2. Tjisse Steenstra waard nei ôfrin fan de wedstriden útroppen ta kening.

Foto: Henk Bootsma

Kening Tjisse Steenstra

Hans Wassenaar

It partoer fan Marten Bergsma, Pieter Jan Plat en Sjoerd de Jong ferlear yn de heale finale mei 5-5 en 6-6 fan Van der Bos-en-dy. Tjisse Steenstra sloech op dy stân in sitbal.

Winst Tuinenga-en-dy

By de froulju wie it partoer fan Ilse Tuinenga, Sjanet Wijnia en Manon Scheepstra oppermachtich yn de finale yn Wytmarsum. De trije froulju wûnen mei 5-0 en 6-0 fan Tineke Dijkstra, Sandra Hofstra en Louise Krol.

De lytse preemje by de froulju gie nei Elly Hofman, Marte Altenburg en Martzen Deinum. Hofman-en-dy wûnen yn 'e striid om it brûns mei 5-4 en 6-4 fan Jildou Sweering, Jeska Terpstra en Jennie Terpstra.

Foto: Henk Bootsma
(advertinsje)
(advertinsje)