Europeeske titel foar turnster Sanne Wevers op 'e balke

05 aug 2018 - 17:34

Turnster Sanne Wevers fan It Hearrenfean hat sneintemiddei foar it earst yn har karriêre de Europeeske titel op 'e balke pakt. De regearjend olympysk kampioene op dat tastel kaam yn Glasgow ta in skoare fan 13,900. Dêrmei wie se yn de finale in klasse apart.

It sulver gie nei de Belgyske Nina Derwael mei 13,600 punten. Sy hie koart dêrfoar al goud ferovere op 'e brêge. It brûns gie nei Marine Boyer út Frankryk.

Foto: ANP
Trefwurden: 
turnjen EK Sanne Wevers balke
(advertinsje)