Ljouwerter toanielgroep begjint wer mei repetysjes foar 'De Oare'

05 aug 2018 - 17:16

Toanielgroep 'Buiten de Boot' út Ljouwert makket yn septimber in trochstart mei de repetysjes foar community-foarstelling 'De Oare'. Dizze foarstelling soe spile wurde yn it âlde belestingkantoar yn Ljouwert, mar waard skrast fanwegen de grutte brân yn dat kantoar op 22 juny. By dy brân gie it folsleine dekôr fan de foarstelling ferlern. 'Buiten de Boot' koe doe net oars as it projekt ôfblaze.

Foto: Toneelgroep Buiten de boot

Detsje Ykema fan Buiten de Boot

'Buiten de Boot' hat no besletten om de foarstelling dochs troch te setten, mar hat wol ferlet fan help en frijwilligers foar it bouwen fan in nij dekôr. Ek is 'Buiten de Boot' noch op syk nei in gaadlike lokaasje foar it spyljen fan 'community-foarstelling' 'De oare'. Ek al binne der noch wat praktyske problemen, de foarstelling dy komt der, seit produksjelieder Detsje Ykema. Minsken dy't 'Buiten de Boot' helpe wolle of in gaadlike lokaasje wite kinne kontakt opnimme mei it selskip opnimme fia Facebook of emailadres buitendeboot@outlook.com.

Foto: Omrop Fryslân
(advertinsje)
(advertinsje)