Sterke winners by jeugd FK fierljeppen yn Drylts

05 aug 2018 - 16:15

In bysûnder sterk Frysk kampioenskip fierljeppen foar de jeugd sneon yn Drylts soarge derfoar dat der mear as tritich persoanlike rekôrs ljept waarden. It smiet úteinlik fjouwer Fryske kampioenen op. Thijn Postma wûn by de jonges oant en mei 12 jier, Maureen Westerhof waard kampioen by de famkes oant en mei 12 jier. De titels by de jeugd oant en mei 10 jier giene nei Sietse Lefferts (jonges) en Berber Haanstra (famkes).

Kampioenen FK jeugd Drylts

By de jonges oant en mei 12 jier ljepte Thijn Postma út Tytsjerk it fierst: 10.84 meter (pr). Twadde waard dêr Erwin Lefferts út Bûtenpost (10.72 meter, ek in pr) en it brûns gie nei Mads Tolsma út Berltsum mei in pr fan 10.49 meter.

Famkes

Maureen Westerhof út Snits wûn yn in nij persoanlik en in skânsrekôr fan 10.62 meter de Fryske titel by de famkes oant en mei 12 jier. Har stedsgenoat Hanneke Westert waard twadde mei 9.33 meter en tredde waard Jeltske Terpstra út Tsjom mei 8.87 meter (PR).

By de jongste ljeppers oant en mei 10 jier pakte Sietse Lefferts út Bûtenpost syn earste Fryske titel. Hy ljepte mar leafst trije persoanlike rekôrs, en wûn úteinlik mei 10.06 meter. It sulver gie nei Riemer Zylstra fan Easthim mei 9.92 meter (pr) en Auke Tymen de Boer út Bûtenpost pakte knap de tredde priis mei 8.90 meter, in dik nij pr.

Ek de famkes oant en mei 10 jier ferbetteren harren pr's. It goud gie nei Berber Haanstra út It Heidenskip (8.57 meter), foar Sanne Bouwstra fan Reduzum (7.41 meter) en tredde waard Lise Haanstra fan It Heidenskip (6.26 meter).

Trefwurden: 
Drylts fierljeppen jeugd FK
(advertinsje)