Rely Jorritsma-prizen takend

27 jun 2012 - 07:54

Simen de Jong fan Easthim en Sytse Jansma fan Harns binne dit jier de winners fan de Rely Jorritsma-prizen. De Jong wint yn de kategory ferhalen mei 'Woldien yn Hylpen', Jansma is keazen yn de kategory gedichten mei 'Oprop oan alle Friezen'. Beide winners hawwe al earder in Rely Jorritsma-priis wûn, De Jong yn 2009, Jansma yn 2006 en 2011.

Der waarden dit jier tweintich ferhalen en tweintich gedichten ynstjoerd. De útrikking fan de prizen is op 6 oktober yn de tsjerke fan Bears.

(advertinsje)