"Shuffleboard is in sport dêr't we mei trochgean wolle"

05 aug 2018 - 12:58

Shuffleboard is ien fan de tsientallen bysûndere sporten dy't dizze dagen yn Fryslân te besjen binne. It is in soarte fan krusing tusken curling en sjoelen en wurdt spile op in matte dy't maklik lein en opburgen wurde kin. De sport is ek tige geskikt foar senioaren.

Shuffleboard-demonstraasje yn de Ljouwerter iishal - Foto: Omrop Fryslân

Op dit stuit dogge foaral de Dútse shuffleboarders harren uterste bêst om Friezen oan it shuffleboarden te krijen en dat slagget wol aardich. "Shuffleboard is seker ien fan de sporten dêr't wy mei trochgean wolle", seit Marije Plantenga fan Sport Friesland.

Fersoargingshûzen

De organisaasje hat trije shuffleboardsets kocht, mei alles der op en der oan, om rûnom yn Fryslân clinics te jaan. Under oare yn fersoargingshûzen. "Wy hawwe al trije kear by Leppehiem west yn Akkrum en dêr fûnen se it hiel moai", seit Plantenga.

Sport Friesland hat mei-inoar al sa'n 50 shuffleboardclinics fersoarge. Wa't it spultsje besykje wol kin in shuffleboard hiere by de organisaasje en fuortendaliks los. "It is in hiel aardich spultsje. Je kinne inoar ek pleagje, troch it houtsje fan de tsjinstanner wer fuort te stjitten."

De puntetelling is ek feninich. Je skowe de houtsjes mei in lange stok nei de oare kant fan de matte. Mar as je dat krekt wat te fier dogge, wurde der tsien punten fan de puntetelling ôflutsen. "It hat wol wat fan curling, mar je ha der gjin iis foar nedich. Je kinne dit oaral dwaan, as der mar in wat langere flakke flier is.

Dútslân

De Dútse gasten binne bliid mei de opteine reaksjes yn Fryslân, mar harren ambysje giet fierder. "Takom jier organisearje wy wer in EK yn Dútslân", fertelt shuffleboard-promotor Dieter. "It soe moai wêze as we dan ek in team út 'die Niederlände' begroetsje kinne." Plantenga moat der om laitsje. "Wy geane as Sport Fryslân net safier dat wy soks ek even regelje. Mar as de sport populêr wurdt en je krije kompetysjes en sa, wêrom net?"

"It moaie is fansels dat je ek as je al wat âlder binne súksesfol wêze kinne mei dizze sport," seit Plantenga. "Dat sjogge je wol oan it Dútske team!"

It shuffleboarden yn de iishal makket diel út fan de European Sports for All Games. Dat evenemint wurdt rûnom yn Fryslân holden om minsken ûnderfine te litten hokker kulturele sporten oft der yn Europa binne. It duorret oant en mei 7 augustus.

(advertinsje)