Friezinnen roeie Nederlân nei brûns op EK yn Glasgow

05 aug 2018 - 12:41

Op it Europeesk kampioenskip roeien yn Glasgow hat de frouljusacht brûns helle. Twa fan de acht froulju komme út Fryslân. Dat binne Aletta Jorritsma fan Tsjummearum en Ymkje Clevering út Haulerwyk.

De Nederlânske boat wie yn it foar al wis fan in medalje, omdat der sneon mar trije boaten oan de finale meidienen. De Nederlanners leine fan de start ôf op it twadde plak en striden mei Roemenië om de kopposysje. De Nederlânske ploech wist it twadde plak net te behâlden. Uteinlik gie Grut-Brittannië se foarby. Roemenië waard Europeesk kampioen.

Trefwurden: 
EK brûns roeien
(advertinsje)