Hegere brêge yn Wurdum

27 jun 2012 - 06:59

De brêge yn de Swichumerdyk yn Wurdum wurdt dizze hjerst heger makke. Dat wurdt dien om de Wurdumerfeart, dy't ûnder de brêge trochgiet, befarberder te meitsjen. Dêr moatte aanst ek lytsere fartugen as sloepen trochhinne kinne.

De brêge yn Wurdum wurdt 42 sintimeter heger. It giet om in monumint en dan kin dat allinne dien wurde troch de brêge yn syn gehiel op te tillen en op in hegere ûndergrûn te pleatsen. It wurk duorret twa moannen, ferkear wurdt dan omlaat.

(advertinsje)