Omrop TIP: Buro de Vries siket it 'eigene' fan De Gaastmar

05 aug 2018 - 08:02
Foto: Omrop Fryslân, René Koster

De Gaastmar, it doarp dat sa moai 'mids de marren' leit, ûntfangt snein 5 augustus it radioprogramma Buro de Vries op it terras fan herberch 'Yn 'e Ielaek' foar twa oere live radio. Mei nijsgjirrige gasten oan tafel en in ferslachjouwer ûnderweis yn it doarp op syk nei de mienskip en it doarpseigene fan De Gaastmar.

Foto: Omrop Fryslân, René Koster

Ynklemd tusken De Fluezen, de Grutte Gaastmar, It Ringwiel en de Idzegeaster Poel soene je De Gaastmar sjen kinne as in noflik alternatyf foar wettersportdoarpen as Heech en Wâldsein. It wetter en de fiskerij spilen altyd in wichtige rol yn it rike ferline fan it doarp. Benammen troch de ielfiskerij is it doarp groeid en ferneamd wurden. Mar hoe bot de omstannichheden ek feroare binne, dy bining mei it wetter en de fiskerij bestiet noch altyd! Fisker Andries van Netten fertelt ús der mear oer.

Foar ferhalen oer de skûtsjes en de silerij sykje we Ton Brundel op syn skûtsje de Lytse Lies op, want beide ha De Gaastmar as thúshaven.

Foto: Omrop Fryslân, René Koster

De histoaryske wurkgroep fan De Gaastmar besiket it ferline ta libben te bringen troch it organisearen fan allerhande aktiviteiten. Yn it each springt in rûte dy't jo letterlik meinimt troch de skiednis fan it doarp. Op tal fan plakken stean fotopanielen mei hoe't it ea wie op dat plak, wat der eartiids barde en wa't der wennen. Wurkgroepleden prate ús by. Fierder sjogge we by de famylje Burgers yn de prachtige pleats út 1770 oan de oare kant fan de brêge: Attema Sate. De pleats is hielendal opknapt en hat no in rekreative bestimming.

Foto: Omrop Fryslân, René Koster

Fierder sykje we, krekt as yn de oare doarpen dêr't Buro de Vries fan 't simmer delstrykt, nei bysûndere ferhalen fan it tsjerkhôf. Op De Gaastmar stean we stil by in tinkstien dy't it ferhaal fertelt fan de fersetsgroep út it doarp dy't yn de Twadde Wrâldoarloch aktyf wie en der ûnder mear foar soarge dat parasjutisten ûnderdak krigen.

Ien fan de âldste ynwenners is Gerrit Renema dy't noch altyd aktyf belutsen is by it pontsje. Wy farre eefkes mei him op en del. En ek yn De Gaastmar stelle de fraach oft der noch muzyk yn it doarp sit en it antwurd is 'ja'. Sterker noch, der is sels in komposysje fan de ferneamde komponist Carl Wittrock spesjaal opdroegen oan it doarp. De titel? De Gaastmar, mids de marren! We prate oer de muzyk yn it doarp mei leden fan it korps 'Concordia' en fansels spylje se ek noch wat.

Foto: Omrop Fryslân, René Koster

De útstjoering fan Buro de Vries begjint snein om 11:00 oere, en duorret oant 13:00 oere.

Trefwurden: 
Buro de Vries De Gaastmar
(advertinsje)