Taskforce foar drugshannel

Boargemaster Adema fan Achtkarspelen wol dat drugshannelers yn de noardeasthoeke better en hurder oanpakt wurde. Belestingtsjinst, Iepenbier Ministearje, plysje en gemeentlike organisaasjes moatte mear gearwurkje by de opspoaring en oanpak. In spesjale taskforce soe him dêrmei dwaande hâlde moatte. It is ien fan de útkomsten fan in mienskiplike byienkomst fan helpferlieningsorganisaasjes, plysje, ûnderwiisynstellings en trije gemeenten oer drugsproblematyk yn Achtkarspelen en omkriten.