Auto folslein útbaarnd op loswâl yn Burgum

05 aug 2018 - 07:26

Yn Burgum is yn de nacht fan sneon op snein in auto folslein útbrând. Om healwei tolven hinne waard de brânwacht oproppen, mar doe't de helpferlieners op de loswâl oankamen, sloegen de flammen al út de auto. Dy wie net mear te rêden.

Foto: De Vries Media

Der siet net ien mear yn de auto. De beide doarren stienen wiid iepen, mar de ynsitters wiene poater. De plysje is op syk nei de eigener fan de auto. De brânwacht hat it fjoer blust.

It is net bekend wat de oarsaak fan de brân west hat. Der is neat mear fan de auto oer.

Trefwurden: 
brân Burgum
(advertinsje)