Hielke Nienhuis folbringt swiere triatlon yn Noarwegen

Hielke Nienhuis fan Lekkum hat sneon de swiere Norseman triatlon yn Noarwegen folbrocht. Dat die er yn 14 oeren, 44 minuten en 16 sekonden. Yn dy tiid moast er 3,86 kilometer swimme, 180,2 km hurdfytse en 42,195 km drave.
De dielname oan de Norseman triatlon is bysûnder, want der is plak foar maksimaal 250 dielnimmers. Nei jierren fan hoop hâlde op de lotting wie it Hielke Nienhuis dit jier einlik slagge in startbewiis te bemachtigjen.