SC Hearrenfean ferliest oefenwedstriid fan Levante UD

Sportklup Hearrenfean hat sneontejûn it oefenduel tsjin it Spaanske Levante UD ferlern. Yn it Abe Lenstrastadion waard it 3-1 yn it foardiel fan de besikers.
Olde Riekerink Hearrenfean Levante
Al yn de fiifde minút kamen de Feansters op efterstân tsjin Levante. Salvador skeat by de twadde peal in foarset binnen: 0-1. Yn de alfde minút moast keeper Hahn de bal wer út de touwen helje. Opnij wie it Salvador dy't skoarde foar de Spaanske ploech. Goed tsien minuten foar rêst koe Morales it tredde doelpunt foar Levante meitsje.
Lammers Hearrenfean Levante
Yn de 54ste minút makke Michel Vlap it earste doelpunt foar de Feansters; syn skot fan ôfstân gie binnen. Nei it doelpunt krige Zeneli twa kear in goede kâns út in frije traap, mar de oanslutingstreffer kaam net mear.
Schmidt Hearrenfean Levante
Opstelling Hearrenfean: Hahn, Schmidt, Hoegh, Bulthuis, Pierie, Thorsby (46. Kongolo), Kobayashi, Vlap (84. Bruijn), Zeneli, Lammers en Mihajlovic (74. Frederiksen).