Lotting Freule: yn totaal 50 partoeren oan 'e start

04 aug 2018 - 20:40

Der dogge takom woansdei yn totaal 50 partoeren mei oan de 116e Freule yn Wommels. Dat binne der twa minder as foarich jier, doe't der 52 partoeren meidiene oan de grutste keatswedstriid foar jonges.

Foto: Henk Bootsma

Grutte keatsplakken misse dit jier, lykas Frjentsjer en Easterein. Yn de earste omloop op de fjilden fan Wommels wachtsje al inkelde moaie partijen; sa moatte buerdoarpen Wytmarsum en Penjum al fuortendaliks tsjinelkoar.

Freule Kafee

De 116e edysje fan de Freule is no woansdei fan 09.00 oere ôf yn Wommels. Tiisdei stjoert Omrop Fryslân Radio foar it earst in Freule Kafee út.

Trefwurden: 
keatsen Wommels lotting Freule
(advertinsje)