Positive lûden oer akwadukt

26 jun 2012 - 23:08

Yn Aldlân en Suderbuorren binne se oer it generaal posityf oer it nije akwadukt ûnder it Van Harinxmakanaal troch. Dat die tiisdei bliken op in drokke iepenbiere ynformaasjegearkomste. Hjir toande de gemeente kaarten en animaasjes fan de nije súdlike entree fan Ljouwert. It akwadukt komt oer in lingte fan hûnderten meters ûnder it meanfjild te lizzen. Hjirtroch ûntstiet der in nij iepen en grien lânskip mei ek mear romte foar wetter

Mei de oanlis fan it akwadukt wurdt úteinset at it Drachtsterplein klear is. Dat sil healwei takom jier wêze. Yn 2016 moat it akwadukt klear wêze.

(advertinsje)
(advertinsje)