Marit Bouwmeester sakket fuort yn klassemint

04 aug 2018 - 19:15

Sylster Marit Bouwmeester fan Warten hat har goeie start op it WK by Aarhus sneon gjin ferfolch jaan kinnen. De 30-jierrige Friezinne einige yn de tredde en de fjirde race as alfde en 28ste. Yn it klassemint sakket se dêrtroch nei it sechde plak.

De regearjend olympysk, Europeesk en wrâldkampioene wie freed begûn mei in tredde en in twadde plak.

Postma

Yn 'e finn-klasse rekke Pieter Jan Postma de lieding kwyt. Hy sakke fan ien nei acht yn it klassemint troch as njoggentjinde en sechde te finishen.

(advertinsje)
(advertinsje)